vrijdag 12 maart 2021

 In Krystferhaal

Dizze kear in Frysktalige blog en dat hat alles te krijen mei de priis dy’t ik foarige wike wûn ha. In ferhaal fan my is doe nammentlik keazen as beste Frysktalich redaksjestik fan doarp-, wyk- en stedskrantsjes yn Súdwest Fryslân yn 2020. Dit (kryst)ferhaal stie yn de doarpskrante De Koepel fan Wytmarsum. Omdat ik fan ferskate kanten fragen krigen ha oer dit ferhaal, ha ik besletten om dit ferhaal as blog te pleatsen. In protte lêswille tawinske mei myn Krystferhaal en it sjueryrapport.

It wie alle jierren wêroan in hichtepunt: it pakken fan de kryst­ferljochting fan'e souder. Sa'n âlde doaze mei gekleurde Philips krystlampkes. In griene doaze mei in krystbeam dêrop en in gol laitsjende krystman, dy't my freonlik útnoege by him oan te sko­wen.

Grutsk naam ik as jonkje dy doaze ûnder myn earm en wraksele de steile reade heechglâns trep ôf. Dy terpen dy't it omheech en omleech gean betiden ta in nuodlike saak makke; hy blonk net allin­nich as in spegel, mar wie ek like glêd.

As ik mei de hiele hûd en de doaze ûnder kommen wie, rûn ik troch it gonkje nei de keamer ta. Dêr stie er dan: de krystbeam.

Heit hie him mei leafde en tige kritysk yn in amer mei sân setten, wilens er de amer mei read papier omwuolle hie.

De lampkes moasten der earst yn. De ferdieling fan ljocht en kleur moast yn folsleine harmony wêze mei it beamke.

Ik stie dêr by en seach dêr nei. Sjen hoe't heit, as saakkundige, de beam langsum optúgde. Nei de ljochtsjes, kamen de slingers en as lêsten de ballen. Fan dy fine baltsjes, fûgeltsjes, húskes en krystman. Tear guod wie dat en fansels ferbean om oan te kommen.

Yn'e tuskentiid dreamde ik wei by dy âlde doaze sûnder kryst­ferljochting, mar mei de freonlike krystman, dy't mei oanseach as woe er sizze: it komt wol goed.

De lampkes gongen yn'e beam en der wer úthelle nei't bliken dien hie dat se dochs net krekt op it goeie plak hongen. Datselde barde mei de slingers en de ballen.

Al mei al wie heit al gau sa'n fjouwer oerkes yn't spier. Neffens my wie dat syn lokkichst momint fan it jier.

Hy sei nea safolle, myn heit.Ik ha my altyd ôffrege wat er sa al tocht. Want tinken die der in soad, dat kin hast net oars. Oeren koe er, ljurkjend oan syn pypke, yn syn stoel sitte foar him út te stoarjen.

Mar as er de krystbeam optúgde wie dat oars. Hy probearre my dan de geheimen fan it optúgen by te bringen; de grutte ballen ûnder en dan langsum omheech wurkje nei de lytsen ta. Alle jierren wêroan. Ien kearke mocht ik sels wat ballen op hingje. Ien kearke mar.

Ik krige it gefoel dat ik neat goeds die en alles op't ferkearde plak hong. Sûnt dy tiid wit ik ek wêr’t de siswize: "Jij weet er geen bal van" weikomt.

As de beam yn al syn hear en fear klear wie foar de minskheid, dan wie't yndied in pronkstik. Foaral as bern binne sels lytse dingen grut, dus hiene wy yn myn ûnthâld altyd in grutte krystbeam.

Ik woe sa ticht mooglik by de beam sitte, it leafst woe'k der yn krûpe, allinnich mar om dy lucht. Mei namme moarns as ik dan yn'e keamer kaam, koe de hiele rom­te follet wêze mei sa'n krystlucht. In lucht dy't it midden hold tusken bosk en kearskes. Hearlik!

Dat ha ik no noch. As ik earne yn in nullebosk omstrún, dan moat ik gewoan efkes rûke. Ik kin der neat oan dwaan, in kwestje fan gefoel. Dan wol ik dy lucht rûke dy't ik eartiids werkende as krystlucht. Mar tsjintwurdich is it krekt as dy krystbeamkes net mear rûke. Genetyske manipulaasje? Opfokt? Wa sil't sizze.

Ik bin yn elts gefal bliid dat ik dy âld doaze fan Philips fan myn heit krigen ha. Want al brâne de kleurde ljochtsjes al lang net mear, de lucht fan bosk en kearskes lûkt nea wer út it giel ferwurden karton wei en komt my elk jier wer yn'e mjitte: in hichtepunt fan't jier.

 

Sjueryrapport:

In persoanlik oantinken oan ’e krysttiid, dêr’t oandacht bestege is oan sfear en kontekst. Gebrûk meitsjend fan byldzjende taal om sa it persoanlike fan ’e situaasje werkenber en ynleefber te meitsjen. Subtyl wurdt hjir en dêr humor brûkt, it ferhaal rint en bliuwt luchtich. It fielt tagelyk nostalgysk oan mar ek oars as oars. It skynber ‘fertederjende’ fan in bern dat tegearre mei de heit in krystbeam optúcht. It foarmet foar beiden in bysûnder momint. En dochs sit der in ûnderlaach yn it stik ferskûle, dy’t de lêzer mei fragen efterlit.