donderdag 2 januari 2025

 It Fonteinenliet

Yn ien kear binnenkomme yn de Fryske Top 100 op nûmer 10, amper te leauwen, dochs barde dat mei it Fonteinenliet op 31 desimber 2024. In geweldige prestaasje al sis it it sels, mar hoe kom je der by om in liet te skriuwen oer de 11 fonteinen yn Fryslân? Dat siet sa.

Fan 2014 oant en mei 2018 wurke ik tegearre mei myn kollega Joke oan in grut tal Kulturele Haadstêd 2018 projekten yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Sydlings wienen wy ek belutsen bij de 11 Fonteinen. Sa waard op in stuit frege om mei te tinken hoe dizze yn de merk te setten. Ik fûn dat wol in útdaging en skreaun in liet oer de Fonteinen. Myn plan wie om dit ynsjonge te litten troch in bernekoar en dêrby in moaie klip te meitsjen mei fansels de fonteinen. Ik ha it opnommen en de opname mei it plan yntsjinne enne…….ik ha der noait wer wat fan heart!

Mar goed der binne mindere dingen, dus belâne it liet op in stikky wat ik altyd yn myn auto ôfdraai. Op in gegeven momint hearde myn freondinne Pleunie Oostenveld it liet. Sy fûn it in hartstikke leuk nûmer en sei dat ik der eins wat mei dwaan moast. En eins wie ik dat wol mei har iens.

Ik naam it nûmer opnij op, mar ja wat dan? WellDone, de band wêr ik yn spylje soe it spylje kinne, mar it wie neffens mij ek wol geskikt foar in koar. Sa joech ik in opname oan myn freon Simon Hottentot dy’t by it koar Skomjnd Wiid sit. Hy joech it op syn beurt oan harren dirigint Guus Pieksma. En doe gong it ynienen hurd. Guus betocht mei syn kompaan Annewiep Bloem in hiel projekt om it Fonteinenliet hinne, “In Fontein fan muzyk”.

De fideokliphttps://www.youtube.com/watch?v=n79oX4OI6tA&ab_channel=NijTalintOrkest

Der waarden plannen makke om op te treden, it liet op te nimmen en in fideoklip te meitsjen. Der wiene sels al kontakten lein mei Willem Waldpyk fan Omrop Fryslân. It ultime doel wie om mei it Fonteinenliet yn de Fryske Top 100 te kommen.

It liet waard brocht troch Skomjend Wiid, de band WellDone en trije wykorkesten út Ljouwert, Grou en Snits. Al mei al hast sa’n 150 muzikanten!  Nei’t der earst apart oefene waard, waarden nei ferrin fan tiid de krêften bondele. No as dat gjin Mienskipsprojekt is wit ik it ek net mear. Allegear minsken dy’t altyd yn in goeie sfear gearwurken.
Der kamen ferskate optredens. Sa spielen wy û.o. op meardere Uitmarkten, yn de tsjerke fan Grou, yn de tún fan Annemarie Jorritsma, twa kear by Noardewyn live fan Omrop Fryslân,makken wy in toerr lans de fonteinen.. En fansels it geweldige optreden as slotact by City Proms op it Zaailand wêr sa’n 3500 minsken it Fonteinenliet fol oertsjûging meisongen. As skriuwer en sjonger fan it liet wie ik djip ûnder de yndruk dat safolle minsken myn liet meisongen; kippefel.


Mar ek waard it liet opnommen en in fideoclip makke. It liet waard opnommen by Fairsound yn Wytmarsum. De fideoclip waard opnommen troch Murk Jaap van der Schaaf. Hy brûkt ek in parten fan it optreden op it Zaailand.

Der kamen hieltyd yn it sin bringerkes online om in elts der op te wizen om  jins stim op it Fonteinenliet út te bringen. Doe’t wy yn de gaten krigen dat it Fonteinenliet bij de heechste 10 stie, wie de spanning fansels te snijen bij de útstjoering fan Omrop Fryslân op âldjiersdei doe’t de heechste 10 bekend makke waarden. 

Sels siet ik dat momint yn Drinte, wêr de spanning like grut wie as yn Boalsert wer Skomjend Wiid bymekoar wie. Us bjusterbaarlik projekt wie mear as slagge sa die bliken, want fan út it neat op nûmer 10 te kommen is net neat. Wat ien sa’n opmerking fan jins freondinne al net tewei bringe kin!