It Fonteinenliet
Yn ien kear
binnenkomme yn de Fryske Top 100 op nûmer 10, amper te leauwen, dochs barde dat
mei it Fonteinenliet op 31 desimber 2024. In geweldige prestaasje al sis it it
sels, mar hoe kom je der by om in liet te skriuwen oer de 11 fonteinen yn
Fryslân? Dat siet sa.
Fan 2014 oant en mei 2018 wurke ik tegearre mei myn kollega Joke oan in grut
tal Kulturele Haadstêd 2018 projekten yn de gemeente Súdwest-Fryslân. Sydlings
wienen wy ek belutsen bij de 11 Fonteinen. Sa waard op in stuit frege om mei te
tinken hoe dizze yn de merk te setten. Ik fûn dat wol in útdaging en skreaun in
liet oer de Fonteinen. Myn plan wie om dit ynsjonge te litten troch in
bernekoar en dêrby in moaie klip te meitsjen mei fansels de fonteinen. Ik ha it
opnommen en de opname mei it plan yntsjinne enne…….ik ha der noait wer wat fan
heart!
Mar goed der binne mindere dingen, dus belâne it liet op in stikky wat ik altyd
yn myn auto ôfdraai. Op in gegeven momint hearde myn freondinne Pleunie
Oostenveld it liet. Sy fûn it in hartstikke leuk nûmer en sei dat ik der eins
wat mei dwaan moast. En eins wie ik dat wol mei har iens.
Ik naam it nûmer opnij op, mar ja wat dan? WellDone, de band wêr ik yn spylje
soe it spylje kinne, mar it wie neffens mij ek wol geskikt foar in koar. Sa
joech ik in opname oan myn freon Simon Hottentot dy’t by it koar Skomjnd Wiid
sit. Hy joech it op syn beurt oan harren dirigint Guus Pieksma. En doe gong it
ynienen hurd. Guus betocht mei syn kompaan Annewiep Bloem in hiel projekt om it
Fonteinenliet hinne, “In Fontein fan muzyk”.
De fideoklip: https://www.youtube.com/watch?v=n79oX4OI6tA&ab_channel=NijTalintOrkest
Der waarden plannen makke om op te treden, it liet op te nimmen en in fideoklip te meitsjen. Der wiene sels al kontakten lein mei Willem Waldpyk fan Omrop Fryslân. It ultime doel wie om mei it Fonteinenliet yn de Fryske Top 100 te kommen.
It liet waard brocht troch Skomjend Wiid, de band WellDone en trije wykorkesten
út Ljouwert, Grou en Snits. Al mei al hast sa’n 150 muzikanten! Nei’t der
earst apart oefene waard, waarden nei ferrin fan tiid de krêften bondele. No as
dat gjin Mienskipsprojekt is wit ik it ek net mear. Allegear minsken dy’t altyd
yn in goeie sfear gearwurken.
Der kamen ferskate optredens. Sa spielen wy û.o. op meardere Uitmarkten, yn de
tsjerke fan Grou, yn de tún fan Annemarie Jorritsma, twa kear by Noardewyn live
fan Omrop Fryslân,makken wy in toerr lans de fonteinen.. En fansels it geweldige optreden as
slotact by City Proms op it Zaailand wêr sa’n 3500 minsken it Fonteinenliet fol
oertsjûging meisongen. As skriuwer en sjonger fan it liet wie ik djip ûnder de
yndruk dat safolle minsken myn liet meisongen; kippefel.
Mar ek waard it liet opnommen en in fideoclip makke. It liet waard opnommen by Fairsound yn Wytmarsum. De fideoclip waard opnommen troch Murk Jaap van der Schaaf. Hy brûkt ek in parten fan it optreden op it Zaailand.
Der kamen hieltyd yn it sin bringerkes online om in elts der op te wizen om jins stim op it Fonteinenliet út te bringen. Doe’t wy yn de gaten krigen dat it Fonteinenliet bij de heechste 10 stie, wie de spanning fansels te snijen bij de útstjoering fan Omrop Fryslân op âldjiersdei doe’t de heechste 10 bekend makke waarden.
Sels siet ik dat momint yn Drinte, wêr de spanning like grut wie as yn Boalsert wer Skomjend Wiid bymekoar wie. Us bjusterbaarlik projekt wie mear as slagge sa die bliken, want fan út it neat op nûmer 10 te kommen is net neat. Wat ien sa’n opmerking fan jins freondinne al net tewei bringe kin!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten