dinsdag 21 november 2023

 
Let it go, lit it los en lit it gean!

Lêst siet ik wat âlde foto-albums troch te blêdzjen. Ik bedoel fansels foto-albums dy’t je noch echt beet pakke kinne. Wêr foto’s nei ferrin fan tiid troch it drûgjen fan de lym harren langsum mar seker losmeitsje fan it papier. Sa’n album dus.

Ik kaam in foto tsjin fan myn legere skoalle tiid. Foar de jongeren ûnder ús de basisskoalle fan no wie eartiids de legere skoalle en der wie in aparte beukerskoalle. Dizze foto sil om en de bij yn 1965 makke wêze tink ik. Der wie in âlderjûn organisearre en om dat wat ekstra kasjet te jaan hie men betocht dat mar yn it (al lang ôfbrutsen) doarpshûs by it sportfjild te dwaan. Op in pear âlde skammels waarden in tal lange planken lein en it toaniel wie klear. Niks gjin lûd en niks gjin ljocht, yn it doarpshûs fan Arum hoegde dat net.

Us klasse moast yts foardrage of sjonge. Mar wat it ek mar wie, wy wienen hartstikke senuweftich en stienen lykas de planken fan it toaniel, al leinen dy,stiif tsjin mekoar oan. Krekt as wy mekoar stypje woenen of taflecht sochten by mekoar. Kwa show wie it yn elk gefal neat, want it ienige wat beweegde wienen ús mûlen. No ja miskien ek noch ús hannen dy’t trillen fan de senuwen mar dat wie it dan wol.

Op de foto flnr: Hittie Sieswerda,  Anneke Alberda, Folkert Huizinga, Wim Beckers en Klaas Zijlstra


Ik moast yn elk gefal myn sneinske klean oan ha (ynklusyf strik), want dat hearde sa neffens myn mem. Eartiids hie men sneinske klean, want op sneins moasten jo fansels kreas foar it ljocht komme. Net dat it noflik siet, mar je dienen dat gewoan omdat jins âlders dat fûnen. Nee sneinske klean sieten stiif en mochten seker net smoarch wurde. Ik ha der ien of oare foby oan oerholden wat strikken oanbelanget. Ik ha noch twa kear dêrnei in strik om hân. De lêste kear doe’t it teäter yn Snits iepene waard. It wie dat myn buorfrou wist hoe’t se in strik strikke moast, oars hie it neat wurden.

Mar wêrom nei ús bjusterbaarlik optreden yn it doarpshûs. Ik moast hjir oan tinke doe’t ik okkerdeis yn de sjuery siet fan de ‘Makkumer Voorleeswedstrijd’ foar basisskoallen. It gemak wêrmei de measte bern harren ferhaal nei foaren brochten, respekt! Ik seach dy frijheid ek al by myn eigen bern, mar noch mear bij myn lytsbern. Seker doe’t it jongste bernsbern fan 3 jier okkerdeis yn in boarterstún mei útset lûd it liet ‘Let it go’ út de Disneyfilm Frozen nei foaren brocht, kompleet mei gebearen dy’t dêr by hearre. Ik tocht, ja dit is! Let it go, lit it los en lit it gean!

De frijheid dy bern fan tsjintwurdich ha om eat sjen te litten oan oare minsken! Geweldich toch! In goeie ûntjouwing fyn ik om it tiidrek ‘Doch mar gewoan dan dochst al gek genôch’ efter ús te litten en te ferfangen troch nei wêz dysels mar, hoechst dy net te skamjen.

No net dat ik mij skamje foar ús optreden doetiids, mar it hie wol justjes oars kinnen, al wienen wij it hichtepunt fan de jûn! Neffens myn mem dan fansels.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten