vrijdag 31 juli 2026

 

Nije hertklep diel 3 (23 july 2026 en fierder)

De oare deis fielde ik my prima, los fan pine yn myn ljisk. Mar ik koe wer wat rinne, nei de wc, koartkriemd ik wie op it goeie paad. Mei de fysio op paad. De earste kear in eintsje rinne en de twadde kear in trep op. Wat my foar de operaasje net slagge, slagge my no wol! Leve myn nije hertklep.

Ik moast wol ferhuze en gong fan in ienpersoanskeamer nei de seal. Ik hie aardige sealgenoaten. In frou út Ljouwert, in man út Snits en in âld plysjeman út de Wâlden. It wie gesellich, mar ik wie bliid doe’t men mij fertelde dat ik de freeds wer nei hûs ta koe, al seach it der efkes nei út dat it yn it wykein wurde soe. In jonge dokter hat noch myn medisinen kritysk besjoen en wer nedich nei beneden bysteld, wer ik tige tankber foar bin.

Der is dochs gjin better plak as thús. Maaike brocht mij mei myn bagaazje nei de hal en dêr waard ik oppikt troch Siep en Sjoukje (sweager en skoansus) dy’t my nei Beckers State brochten wer Pleunie op my wachte.

Thús kommen foel ik yn in stoel del en tagelyk foelen 9 moannen fan foarûndersiken mei de noadige spanningen fan my ôf. Dit hienen wy mar wer hân.

Ik fiel my hartstikke goed en ha wer lucht en nocht om dingen op te pakken, mar de earste fjouwer wiken net, want dan moat ik rêstich oan dwaan.

Ta beslút myn grutte tank foar de minsken fan it MCL / Frisius. Neat wie harren tefolle, in djippe bûging foar de ferpleechkundigen en de doktoaren! Mar hoe goed as ik it ek hie, ik bin it leafste thús by Pleunie en de bern.

 

Nije hertklep diel 2 (22 july 2026)

Hearlik sliepen fannacht yn it sikehûsbêd. It is noch mar 8 oere en ik wurd in oere as alve e holpen sa is myn ferteld, mar ek dat der altyd wat tusken komme kin. No mar wachtsje dus.

Yn de tuskentiid bring in ferpleechster allerhande guod binnen en leit it klear foar aanst. Spannend. Ik krij ûnderwilens allegearre appkes binnen, geweldich! Dat docht in minske goed! Mar ik hoech net lang te wachtsjen, want om 10 oere moat ik my klear meitsje foar de operaasje / yngreep. It sil hewe!

Nei in koarte rit op myn bêd bin ik yn de operaasjekeamer “Ik ben er hoor” hear ik de hertsjirurch sizzen dy’t ús in pear wike earder ek útlis jûn hat oer de operaasje, “Daar ben ik heel erg blij om!” sei ik fan út de grûn fan myn hert. Soks jout doch direkt in fertroud gefoel. Allerhande triedsjes en ynfuzen wurde oan en yn my fêstmakke. Ek myn ICD (myn ynboude wissichheid) moat tydlik efkes op non-aktyf. De man dy’t dat docht sjocht my oan en seit “Hé dat is Wim Beckers” (en tsjin de oaren) “Hy hat in liet skreaun oer Sylvia Millecam!”. Ik kin de hiele man net, mar groei fansels op de operaasjetafel of all places. Wat der dêrnei bard wit ik net mear, want doe foel ik yn in djippe sliep.



De operaasje duorre twa oeren, sa waard my efternei ferteld. As jo fia de ljisken holpen wurd moat jo dêrnei in tal oeren plat lizzen bliuwe. Dat is wol te dwaan, al ferfeeld it gau fansels want je kinne net safolle. Mar lokkich kamen dochter Maaike en pakesizzer Mette fan 6 jier op besite. Mette hie in prachtige ballon meinommen (sjoch foto) mar moast hiel efkes wenne oan it feit dat har pake strekt op in bêd lei, mar dêr wie se gau oan went en hie it heechste wurd. De jûns kamen Pleunie, soan Boudewijn en pakesizzer Lilli fan 18 jier op besite.Se fûnen dat ik der goed útseach. De operaasje wie goed slagge en der foel dan ek in lêst fan Pleunie en myn skouder ôf.

Dy earste nacht mei myn nije hertklep wie in minnen ien. Net dat ik pine hie as sa, mar ik koe de sliep net te pakken krije hoefolle skiep ek bymekoar telde.It wie near op de keamer en ik wist net presys as ik wol as net op myn side lizze mocht. Dochs mar in kwart slieppiltsje nommen en dat wurke direkt.

Moarn de leste ôflevering

donderdag 30 juli 2026

 

Nije hertklep diel 1 (21 july 2026)

Op tiisdei 21 july brocht Pleunie mij nei it MCL (tsjintwurdich Frisius MC) yn Ljouwert. Lang om let hie ik in datum dat myn ferkalke hertklep ferfongen wurde koe en lokkich fia myn ljisken.  Yn earste ynstânsje wie my ferteld dat it in iepn herrt operaasje wurde soe. Mar lokkich fia oanfullend ûndersyk yn Ljouwert koe it fia de ljisken. Wy wienen wol sa bliid.

Fan mannichien krige ik appkes en mailtsjes om ús sterkte te winskjen. Ik sis mei opset ‘ús’, want sa’n yngreep hat net allinnich ympekt op josels mar likegoed op jo partner en de bern en dat wurdt wolris fergetten.

Ik krige in eigen keamer wat ik prima fûn. Koe ik yn prinsipe dwaan en litte wat ik woe. No ja binnen bepaalde grinzen fansels.

Nei it meitsjen fan in hertfilmke, bloed taperij en in petear mei de kardiologe, gong Pleunie nei hûs en gong ik my ferdjipjen yn it boek “Alle geschiedenis ooit” wat ik krigen hie fan ús freonen Willem en Joke. It wie mar goed dat ik in boek meinommen hie, want der wie gjin telefyzje op’e keamer.

Ik wie oanwezen op it lêzen fan in boek, wêr ek neat ferkeards mei is fansels. En fansels filmkes sjen op myn telefoan. Boppedat hie ik as muzikant noch it blêd “Lust for live”, fol my nijsgjirrige muzikale nijtsjes.  En healwei de jûn kaam in ferpleechster dy’t frege as ik ek in tablet woe. Op dy tablet koest televyzje sjen. Ik ha dêr tankber gebrûk fan makke.

Om in oere as alve ha ik mij lekker deljûn yn ôfwachtting fan de ferfanging fan myn hertklep. As alles mei sitte soe dat moarn plak fine om in oere as alve. Op nei moarn, mar earst mar ris besykje wat te sliepen.

Moarn mear